Babel:Fy

From Uncyclopedia, the content-free encyclopedia.
Jump to: navigation, search

Fryslân stjit better bekend as "It-lân-wer-de-minsken-soms-net-Swahili-sprekke". Fryslân ferkeart yn in permaninte staat fan oarlog mei it mysterieuze "Hollân", mar der is eins net ien dy't wit hwat Hollân is. De geruchten binne dat it hwat te krijen hat mei de geraniumdiefen.

Fryslân is yn Nederlân fernaamd om de ofskiedingswille. Dit docht nog it measte bliken út de rivier de Tjonger. Egypte had de Nijl, Parys de Seine, Geertruidenberg in boeresloatsje, en Fryslân de Tjonger. Oait graven troch grinlâners dy't genoch hiene fan de geur fan 'e fryske tsiis, mar noait ofmakke omt de Grinsers yn oarlog rekken mei in volk dat se self "Groningers" neame.

Wa't Fryslân seit, seit tsiis, en wa't tsiis seit Frankryk. Dochs hat Fryslan neat mei Frankryk te krijen. Sterker noch, tot op dizze dei hawwe friezen it bestean fan Frankryk úntkent. De earst persoan dy't dit taboe probearde te trochbrekken, Bonefatius, waard yn 754 by Dokkum fermoarde.


It Folksliet[edit]

Fryslân Boppe Fryslân Boppe, Fryslân Boppe Fryslân Boppe Fryslân Bop. (2x) Fryslân Boppe Fryslân Boppe, Fryslân Boppe, Fryslân Boppe, Fryslân Bop. (2x)

Flylân Boppe Flylân Boppe, Terschelling Boppe, Terschilling Boppe. Omt wy net allinch boeren binnen, Wolle wy de UEFA-cup winnen.

Mar net sa fluch, De kei stjin noch op it fuotbalfjild. Dus lit us gau únauhinklik wurden, Oars moatten wie frituren.